Frysk

It nije adres is:
Schoolstraat 18
8711 BD Workum.

Dit leit sirka 200 meter rjochting sintrum.
At jo lâns it wetter rinne, oerstekke op de T-krúsing en 4 húzen nei rjochts.

Nijbou en reparaasje fan strykynstruminten
Behieren fan strykstôkken
Hannel yn wat derby heart
Fakkundich wurk

Wolkom yn it fioelebouatelier

Saaklik
De bedriuwsnamme “E.P. Meijer – Vioolbouwatelier” is ynskreaun by de keamer fan keaphannel te Ljouwert ûnder nûmer 01.042.661.
Eigener is E.P. Meijer

It fêstigingsadres is
Schoolstraat 18
8711 BD  Warkum
Telefoan: 0515-542573
Gebrûk asjebleaft sa nedich it antwurdapparaat, en jo wurde sa gau mooglik hweromskilje.
Email:  E.P.Meijer@kpnmail.nl

Iepeningstiiden
Allinne op ôfspraak.
It fioelebouatelier is in ienmanbedrieuw, dus ik bin der net altiten.

In besyk / gesprek is fergees
Foar it beoardielje / skôge fan ynstruminte of skea is it faaks nedich de objekte yn hânne te ha en by foarkar by deiljocht te sjen.

Tsjinsten
Nijbou                   Op eigen inisjatyf en yn opdracht. Der is in aardiche foarrie ynstruminte.
Reparaasje        Lyts wurk giet neffens taryf; foar gruttere putten wurdt yn begrutting makke. Yn begrutting is almeast frijbliuwend en almeast fergees.
Strykstokken  Behieren is faaks nedich, mar jo moatte soks as spiler sels bepale. Omtrint alle oare ûnderskate wurksumheden kinne ek útfierd wurde. Ik doch it graach, goed, goedkeap en fluch.
Hannel                  Fioelbou is myn fak, stiet sintraal yn oanslach en twinget ta in beheining. De wurksumheden wurde yn wenhûs útfierd; der is gjin winkel en gjin foarrieplak, dat de hannelsfoarrie is spitigernôch beheind.
Taksaasje          Ynstruminte taksearje doch ik net as tsjinstferliening. It is ûnwinlik en faaks kontraproduktyf. Wa’t echt wat werdefols hat wit soks sels almeast wol.

Kompetinsje
Guon minsken achten diplomas tige fan belang. Ik behelje ûnder oaren dizze
–   Fioelebouskoalle Mittenwald, Dútslân (1973)      Strykinstrumintebou
–   VEMI  (1975)                                                              Musykynstrumintehannel
–   Centrum Hout (1983)                                                      Houtbetûftens

Taryf
Yn it wurkplak hinget yn taryflist dy’t formeel de aktuele grûnslach foar myn tsjinsten werjout. It oeretaryf is € 24,05 ynklusyf b.t.w. Levering fynnet plak nei betelling. Soks jilt útdruklik foar reparaasjewurk.
By grutte putten kin de betelling apart regelje wurden, lykas by yn neibouopdracht.
Snaren wurde net ruilje of weromnommen!
By ferkeap fan ynstruminte giet it om spesifyke objekten. Dit binne neidruklik gjin standertartikels. Jo moatte jin sels foarôf oertsjûgje fan dit objekt as jo ta keap oergeane. Eins ferkocht kinne jo yn de wetlike termyn ruilje mei tichte beurzen. De keapsomme wurdt net werombetelje. Yn normale gefallen hawwe jo 1 jier garânsje op ynstruminte. De garânsje oanbelanget it technysk goed brûkber wêze fan it ynstrumint.
Oan dizze webside kinne jo gjin rjochten ûntliene.

© 2006-2024 Ernst Meijer